ûnthulling namme doarpslein 2022

3 november 2022

Harm en Ida wisten natuurlijk ol wat r gebeure soe, dat koe ek net oars want ik moest Harm eerst wol efkes freegje wat hy sels fan t idee fûn dat we syn namme yn gedachten hienen foar dit doarpsplein.
Hy joech oan t n hiele ear te fynen en wardjearre t yn t bysûnder om no ek een boerd te krijen sa as n strjitnamme hjir yn e Tike vroeger ek ferneamd is nei n Ald skoalmaster fan disse skoalle sa as master de Jong.
Fandêr san selde soart “blauw strjitnamme boerd”.
En Omdat wy fûnen dat Bosga dêr net tusken ûntbrekke mocht.

Meastal ist sa dat n strjitte of plein pas ferneamd wurd as de persoan net meer yn leven is… Mar uteindelijk t wol sa moai is as de persoan noch wol leefd…sadat de persoan dat dan ek noch meimeitsje kin! Dit is no de 2e x dat dit gebeurd yn e Tike trouwens. Master de Jongwei is ek ferneamd nei Master de Jong toen hy noch leefde.

Wêrom ha wy keazen foar “T master Bosga plein””

Bosga hat 33 jier oan disse skoalle stien en n protte stappen dien en wurk ferset op dit plein en yn disse skoalle.

Ein 1966 solliciteerde Bosga op n vaccature foar ûnderwizer op de skoalle yn e Tike.
De vaccature wie ûntstien troch t fertrek fan Master Ytsen Kooistra.
T haad fan de skoalle wie toen Sjoerd vd Werff

Op 30 januari 1967 waard er utnoadige om n proefles te jaan. Hy hie net folle concurinsje,want de twadde underwizer moast lid wêze fan de herfoarmde tsjerke.
Boppedat gong it om in lyts twamans skoaltsje en dy koenen min leerkrachten krije .
Masters hiene sels in kans om dan net yn militaire tsjinst te hoeven.
Je wiene dan wol ferplicht om fjouwer of fiif jier te bliuwen.
It bestjoer moast dan yn dy jierren oanjaan dat der in vaccature kaam. Ollinnich is dr ynplak fan fiif jier … 33 jier bleauwn!!
Harm hie earst de earste,twadde en tredde klasse yn syn lokaal mei goed twintich leearlingen..wêrfan r de nammen ollegear sa noch opneame kin.
Harm syn begjin wie dus de earste trije klassen. Dat hat r sa n 2 jier dien,want doe krige de skoalle dr in leerkracht by fanwege extra help foar guon leerlingen…en dat is sa bleauwn.
Toen die Harm de midden klassen. Harm gong ek oltiid mei te skoalswimmen en swom ek oltiid mei en holp guon bern yn t wetter.

Yn de simmer fan 1988 koe vd Werff gebruk meitsje fan de DOP regeling. Hy koe earder ophalde (vd Werff wie toen 58 jier)
Toen hat t bestjoer frege ot Harm direkteur wolle woe en dat hat r toen oannommen. Se hoechden net yn t skoalhûs want se wennen al op in moai plakje yn t leech. Harm hie ol es lezen yn t friesch dagblad dat it earste oansjen troch wa t yn skoalle kaam belangrijk wie…
Derom himmelde r gauris de ruten oan e foarkant fan de skoalle en t plein seach r troch Harm oltiid spik en span ut.

33 jier dus…is Bosga wurksem west oan de Tykster skoalle.
En dêrmei de langstsittende underwizer oan disse skoalle west.
Twa jier langer as Master de Jong.

No jaaaa,,langst sittende….

Bosga is n man dy t net lang stil sitte koe..en noch steeds net..

Neist syn wurk op skoalle beklaaide r een protte oare functies dy t eins te volle binne om allegear op te neamen.. mar neam dr een pear.

– 10 jier lid en letter foarsitter fan de sangferieniging fryslân sjongt
– 4 jier secretaris fan doarpsbestjoer
– 21 jier secretaris fan de feestcommisje en dêrnei 12 jier foarsitter
– 23 jier organiseerde Bosga de avond 4 daagse
– ( de 4 june tocht!! sa ik t master Bosga noch sizzen hjer.) sels rûn r dan ek oltiid 4 jûnen 10 km mei. Earst wie dat yn e Pein letter yn Eastermar.
– Harm dy oltiid n protte copieerwurk foar oaren yn skoalle. Dat levere foar de skoalle in swart potsje op.

– De 1e 50 doarpskrantsjes waarden troch Bosga op toen noch primitieve en bewurkelijke wize stincele. De stincils moasten eerst mei n nuddel brand wurde en dan op de stencilmachine. Letter kaam der in copieerprinter.
– Ek wie dr feste skriuwer fan de doarpskrante.
– Datselde die dr ek foar t tsjerke bled fan de herfoarmde tsjerke
– Jierren lang hat r yn de skoalswim commisje sitten fan Drachten.
– Yn 1992 waard de skoalle ferbouwd.
Bosga hie net ollinnich een grutte stem yn de oanpassingen maar hat ek n protte wurk
ferichte.

Mar ek………….

– Oltiid klusse yn en om e hûs oan t Leech
– Oltiid foar oaren klearstean
– Siest ol op t foargeset ûnderwiis en hiest muoite mei de fryske taal of sels wiskunde…hoegdest Harm mar te beljen , kaamst n pear x op de woansdje te jûn by Harm thus..en hy soarche dr foar dast t yn t snotsje kriigdest.hy naam dêr ek olle tiid foar. En hy soarche dast dr wer goeie cifers op hellest.
– Lest fan mollen??
– Efkes fundamentsleuven grafe foar n verbouwing??
– Harm stie klear!

Jim ha him ek festwol es fietsen sjoen mei n grutte grize ôffal pûde.
Mei inige regelmaat roeme dr t swerfôfal op yn e bermen
(yn en bûten de Tike.)
Sinds September dit jier ha Harm en Ida hun hûs op t leech feruile foar n prachtich appartemint yn Burgum wer t se t hiel best nei de sin ha.

Se genietsje no fan de rêst dêr en fan alles wat se ek dêr noch ûndernimme.

Om n lang ferhaal wat koarter te meitsjen….

Dat Harm Bosga n protte foar disse skoalle en t doarp betekene hat….
Hoefde ik de measten fan jim net te fertellen….
Mar wy woene t by disse ûnthulling uiteraard ollegjer noch es neame…omdat t man en master nei t hert wie!!
En dat Harm no “syn eigen” plein krijt……. Dat is mear as fertsjinne!!!!!

Mariette vd Bij-de Bruin

Na de onthulling van de naam van het dorpsplein ontving Harm van de Historische Kring De Rûnte een herdenkingsbord met de tekst Foar iwich Pleinwacht

Website door: SMART Websites